Tsjûgen fan bedriging socht

01 okt 2010 - 09:54

De plysje is op syk nei in man dy't woansdei yn Ljouwert in autobestjoerder bedrige hat. De autobestjoerder út Heerhugowaard waard op de rotonde fan de Tesselschadestrjitte klemriden troch in man dy't efkes earder achter him ynfoege moatten hie.

Dy man kaam mei in honkbalkneppel op de auto fan it slachtoffer ôf en sloech op it foarrút. Dêrnei is er útnaaid. De plysje siket minsken dy't wat fan it foarfal sjoen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)