Sionsberg net bliid mei CZ

30 sep 2010 - 21:50

De Sionsberg fynt dat soarchfersekerder CZ net soarchfâldich mei de pasjinten fan it Dokkumer sikehûs omgiet. CZ fergoedet mei yngong fan 2011 gjin behannelings mear fan boarstkanker troch de Dokkumer artsen. Dat jildt foar noch fiif oare sikehuzen yn it lân.

It sikehûs neamt de oanpak fan CZ stigmatisearjend en fynt dat de fersekerder ûnnedich foar ûnrêst ûnder de pasjinten soarget dy't yn Dokkum foar boarstkanker behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)