Noed om Fryske swakke skoallen

30 sep 2010 - 21:42

Skoallen dy't net goed funksjonearje wurde tenei folle hurder oanpakt. Dat stiet yn it regearakkoart fan VVD en CDA. In skoalle dy't fan de ynspeksje it predikaat "swak" krijt, moat binnen in jier ferbetterje. Slagget dat net, dan moatte se de doarren definityf slute.

Dat soe de ein betsjutte fan in hiel protte Fryske skoallen. Neffens de VVD yn Fryslân is dat in maatregel dy't benammen bedoeld is om de islamityske skoallen yn de Rânestêd oan te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)