Nij kabinet stelt JSF út

30 sep 2010 - 19:30

Der komt de kommende fjouwer jier gjin beslút oer de oanskaf fan de JSF. Dat stiet yn it nije regearakkoart. Wol wurdt der oar jier in twadde testtastel kocht.

De provinsje Fryslân tinkt dat dat beslút geunstich is foar de fleanbasis Ljouwert: dy kin de kommende jierren op itselde nivo trochdraaie, wylst de diskusje oer de JSF alle tiid krijt. PvdA-keamerlid Jacobi mient lykwols dat de oanskaf fan noch in testtastel in kar foar it JSF-tastel ynhâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)