Undersyk nei brêgewachter

30 sep 2010 - 18:31

In Ljouwerter brêgewachter is woansdei oanhâlden omdat er de brêge net sakje liet foar in plysjemotor mei alarmsinjalen. Hy die dat net omdat der minsken oan it asfalt oan it wurk wiene, oan de oare kant fan de brêge.

De plysjeman easke dat de brêge sletten waard omdat er nei in needoprop moast, mar de brêgewachter die dat net earder as doe't hy sels fûn dat it feilich wie foar de weiwurkers. Doe is de man oanhâlden. B&W fan Ljouwert stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)