Sikehûs Sionsberg op list CZ

30 sep 2010 - 14:31

De Sionsberg yn Dokkum stiet op de list fan sikehûzen dêr't soarchfersekerder CZ gjin behannelings foar boarstkanker mear fan fergoedet. De Sionsberg hat ferline jier 50 froulju mei boarstkanker holpen. Te min, fynt CZ, want dan kin de kwaliteit net goed wêze.

De Sionsberg seit dat de fersekerder de boarstkankersoarch as 'goed' beoardield hat. It sikehûs fynt dat CZ net soarchfâldich mei de pasjinten omgiet en ûnnedich foar ûnrêst soarget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)