Schuil lulk op fallyt VC Allvo

30 sep 2010 - 13:31

Follyballer Erik Schuil, it jongere broerke fan beachfollyballer Richard, moat op syk nei in nije klup. VC Allvo út Almere hat him in wike foar de kompetysjestart weromlutsen, om't de klup it finansjeel net klearkrije koe. Allvo soe útkomme yn de A-league, it heechste nivo fan Nederlân.

De Ljouwerter hat der gjin goed wurd foar oer: 'Het is te gek voor woorden. Alles zou rond zijn, maar het blijken loze beloften. Ik ben echt kwaad, zo ga je niet met elkaar om', seit Schuil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)