Plysje besuniget 8,5 miljoen

30 sep 2010 - 11:02

De plysje besunigt de kommende jierren 8,5 miljoen euro. Dat kostet mooglik 144 arbeidsplakken, sa docht bliken út de foarstellen dy't korpsbehearder Ferd Crone presintearre hat. Fryslân hâldt fjouwer haadburo's, yn Ljouwert, Snits, Drachten en op It Hearrenfean. De oare buro's bliuwe beheind iepen.

De plysje wol fierder frijwilligers ynsette by guon taken lykas by buertûndersyk en it stypjen fan 'e buertplysje. Fierders nimt de plysje foarearst gjin nije minsken mear oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)