Plysje slein by arrestaasje

30 sep 2010 - 10:04

In 20-jierrige ynwenner fan Appelskea foel woansdei in plysjeman oan doe't dy him oanhâlde woe foar fernielerij. De fertochte hie in fytserek troch it rút fan in skoalle smiten. Syn hannen sieten ûnder it bloed. Doe't de plysje de man oppakke woe, begûn er om him hinne te slaan en te skoppen. De plysjeman waard ferskate kearen tsjin it boarst en fuotten skopt en slein.

De fertochte koe úteinlik oanhâlden wurde. Hy is nei it plysjeburo ta brocht en dêr fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)