Gjin autocross yn Hallum

De autocross fan Hallum fan no sneon giet net troch. Dat hat alles te krijen mei it wiete waar fan de lêste tiid. De autocross soe foar de 49ste kear holden wurde. It autocross seizoen fan 2010 giet de boeken yn as in jier mei in soad wedstriden dy't net trochgien binne yn ferbân mei it minne waar.
It is net bekend of de cross yn Hallum noch wer ynhelle wurdt op in oare datum.