Lykspul froulju Hearrenfean

29 sep 2010 - 22:56

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe mei 0-0 lykspile tsjin FC Utrecht. Dat wie in terjochte útslach want beide ploegen wiene oan elkoar weage. Yn de earste helte krige Hearrenfean de bêste kânsen. Sa rekke Cynthia Beekhuis de peal. Nei it skoft wie Utrecht de bettere, mar keepster Roxanne v/d Berg fan Hearrenfean hâlde har goal in pear kear knap skjin.

De Feansters bliuwe koprinner nei trije wedstriden. Tsjin VVV Venlo en FC Twente waard earder dit seizoen wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)