Stik 'Moardwiif' yn premjêre

29 sep 2010 - 22:54

Yn Harich is woansdeitejûn it teaterstik 'Moardwiif' yn premjêre gien. It is in stik fan teatergroep SULT. Dizze groep spilet alle jierren in stik op lokaasje earne yn de Súdwesthoeke. Sa'n bytsje alle ynwenners fan Harich dogge mei.

'Moardwiif' rint oant 10 oktober. Foar twa foarstellings binne noch kaarten, dy fan tongersdei 30 septimber en dy fan woansdei 6 oktober. De rest is útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)