FB-bestjoerder lûkt har werom

29 sep 2010 - 22:14

By de Friesland Bank sil Eugénie Krijnsen har mei yngong fan 1 oktober weromlûke as lid fan de ried fan bestjoer fan de bank. Krijnsen hat oanjûn net in twadde termyn oan te gean. Se is sûnt 2005 yn tsjinst by de Friesland Bank en sûnt 2007 lid fan de ried fan bestjoer.

Eugénie Krijnsen is ferantwurdlik foar ûnder oaren de juridyske saken en foar de fasiliteiten. De taken fan Krijnsen wurde ferdield ûnder de oare bestjoerders fan de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)