Brân yn flat Ljouwert

29 sep 2010 - 21:36

In frou fan 86 jier út Ljouwert is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in brân yn har flatwente oan de Canadezenlaan. Nei de melding fan de brân seach de plysje de frou yn 'e hûs lizzen. De flatwente stie fol reek en de plysje moast de doar iepenbrekke om deryn te kommen.

Ambulânsepersoniel hat de frou út de wenning helle. Se is nei it sikehûs brocht. It hûs hat reek- en wetterskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)