Frou út Garyp wer terjochte
De 53-jierrige frou út Garyp, dy't sûnt woansdei oan it begjin fan de jûn fermist waard, is letter op de jûn wer fûn. De frou wie woansdeitemiddei op de fyts op besite yn De Harkema, mar is net thúskaam. De frou wie wat yn 'e war.
De plysje die in oprop fia in Boargernetaksje. Dêrop ha 400 minsken reagearre.