Ireen Wüst operearre

29 sep 2010 - 19:14

Reedrydster Ireen Wüst hat yn sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean in lytse operaasje yn har bûk ûndergien. Dat betsjut dat se twa wike rêst nimme moat. Se sil wer yn aksje komme by it trainingskamp yn Erfurt healwei oktober.

Fierder is de ferwachting dat Wüst gewoan meidwaan sil oan it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen begjin novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)