Soarch oer rispinge ierappels

29 sep 2010 - 18:37

Fryske ierappelboeren meitsje har soargen oer de rispinge. De ôfrûne moannen hat it in soad reind en dat is net goed foar it gewaaks. Ferline jier om dizze tiid wiene de measte ierappels al dold. Dit jier is noch mar krekt wat mear as de helte út de grûn.

De ierappels yn Fryslân stean der wol wat better foar as yn oare dielen fan Nederlân. Op guon plakken yn it lân soene de earste ierappels al rotsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)