Plysje pakt brêgewipper op

29 sep 2010 - 17:06

De plysje hat woansdei in bysûndere arrestaasje dien yn Ljouwert. Se ha in brêgewipper yn de boeien slein. De brêgewipper fan de Hermesbrêge by de Heliconwei wegere de brêge ticht te dwaan doe't in motoragint der fanwege in needoprop oer hinne woe.

De 46-jierrige man út De Westereen is letter op de middei frijlitten. Hy hat in proses-ferbaal krigen. Yn in reaksje seit de gemeente Ljouwert de saak heech op te nimmen. De gemeente sil in ûndersyk ynstelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)