Jeugdsoarch Hearrenfean ticht

29 sep 2010 - 14:47

De lokaasje Hearrenfean fan Buro Jeugdsoarch Fryslân slút nije wike moandei de doarren. Dit hat te krijen mei besunigings en troch de komst fan de Sintra foar jeugd en gesin. Kliïnten binne mei in brief op 'e hichte brocht fan de sluting.

De 40 meiwurkers kinne oan it wurk yn de fêstigingen fan Snits en Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)