Boer Attema sil nei Fjetnam

Melkfeehâlder Sybren Attema sil foar FrieslandCampina nei Fjetnam. It suvelkonsern wol meihelpe oan de ûntwikkeling fan lokale melkfeehâlderijen yn Azië en Afrika.
Attema krijt dêroer de deistige lieding. Attema is vice-foarsitter fan it bestjoer fan FrieslandCampina en fan de ried fan kommissarissen. Hy nimt heal desimber ôfskied. Ek ferlit er syn melkfeehâlderij yn Abbegea. De boel wurdt ferkocht. Attema en syn frou ferfarre yn febrewaris nei Fjetnam.