Winterwurk Caparis falt fuort

Caparis driget wurk fan grutte opdrachtjouwers lykas it wetterskip fan 't winter te ferliezen. It giet om 1,3 miljoen euro. Dat seit direkteur De Vreeze fan de sosjale wurkfoarsjenning. It is ien fan de redenen wêrom't de organisaasje yn de reade sifers driget te kommen.
Earder waard bekend dat in tekoart fan 2,3 miljoen euro ferwachte wurdt. Neffens De Vreeze binne dat foar in part ek reorganisaasjekosten dêr't al ôfspraken oer makke binne.