Binnenfeartskip ramt boatsjes

29 sep 2010 - 11:21

In grut binnenfeartskip hat tiisdei op it wetter by de Jachthavenleane by Ljouwert twa lytse boatsjes ramd. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke it skip in plezierjacht en in rubberboat.

De rubberboat ferdwûn folslein ûnder wetter. Beide boaten ha flink wat skea oprûn. Der rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)