Omrin mei wol bouwe

29 sep 2010 - 10:46

Omrin mei fierder mei de bou fan de ôffaloven yn Harns. De gemeente Harns lei dy stop earder op. Dêrtroch koe Omrin net fierder mei de bou fan twa weechbrêgen en in pomphûs. Dy foelen neffens de gemeente net ûnder in earder ferliende boufergunning.

De rjochter tinkt dêr oars oer en fynt dus ek dat de boustop ûnrjochtmjittich oplein is. De gemeente leit him nei alle gedachten del by de útspraak fan de rjochter dat Omrin fierder bouwe mei oan de nije ôffaloven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)