Ynspeksjes moatte gearwurkje

De provinsje wol bettere gearwurking by tafersjoch en hanthavenjen fan projekten. Dat giet om bouprojekten en miljeu-oertredings bygelyks. De ferskate organisaasjes wolle tenei dat ien ynspekteur in ynspeksje útfiert.
No geane faak meardere ynspekteurs nei itselde projekt. De nije wize besparret jild. Boppedat ha de klanten sa minder lêst fan de kontrôles. Sa'n 45 organisaasjes moatte it iens wurde oer de nije wurkwize. Dat binne alle gemeenten en plysje en wetterskip.