Oerfaller tankstasjon pakt

29 sep 2010 - 09:52

De plysje hat yn Dordrecht in man oanhâlden, dy't derfan fertocht wurdt dat er in tankstasjon by Terwispel oerfallen hat. Dat wie ein juny. De man bedrige doe yn de nacht in wurknimster en naam it jild út de kassa mei.

De plysje koe de man oanhâlde, om't tsjûgen syn klean werkenden op bylden fan in bewakingskamera. De fertochte (29) is in ynwenner fan Dordrecht. Hy is nei in plysjeburo yn Fryslân brocht en sit dêr no fêst. De man hat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)