Ekstra wach by supermerken
De plysje yn Ljouwert is tiisdei begûn mei ekstra surveillânses by supermerken. Oanlieding is it feit dat der de lêste tiid in oantal oerfallen west ha op supermerken. Dat barde hieltyd om in oere as sân oere moarns. De oerfallers drigen mei in wapen, wêrnei't it personiel jild jaan moast.
De plysje besiket mei ekstra tafersjoch foar te kommen dat der noch mear oerfallen folgje.
Trefwurden:
argyf