Hotelplan net tydlik skrast

28 sep 2010 - 21:43

De Raad van State hat tiisdei it fersyk fan de Vereniging Moai Skarsterlân om it tydlik skrassen fan it bestimmingsplan 'Hotel-Langweerder Wielen' ôfwiisd. De projektûntwikkeler en de gemeente Skarsterlân ha witte litten earst de útspraak yn de boaiemproseduere ôf te wachtsjen foardat de fergunningen oanfrege wurde en fan start gien wurdt mei de wurksumheden foar it hotelplan.

It plan moat súdlik fan de A7 komme tusken De Jouwer en Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)