Plannen bisteparkje Skettens

28 sep 2010 - 20:20

Doarpsbelang Skettens hat plannen foar de oanlis fan in bisteparkje yn it doarp. Dit moat komme op de Terp njonken de tsjerke. Op de Terp komt in gebou dêr't de skiep yn lizze kinne. Ek komme der in pear bankjes en moat it skulpepaad wer yn âlde steat werombrocht wurde.

Fan de gemeente en de provinsje krige Skettens al 14.000 euro. It doarp moat no sels op syk nei 4.500 euro. Dit moat mei sponsors en aksjes binnenhelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)