Ekstra jild elektrysk farre

28 sep 2010 - 20:14

Yn 2015 moatte der yn Fryslân trijetûzen elektryske boaten farre. Om dit te berikken hat de provinsje nochris fjouwer ton útlutsen foar de ûntwikkeling fan elektrysk farren. In eardere subsydzjeregeling fan twa ton wie in grut sukses. It ferfangen fan in gewoane diselmotor foar in elektryske smyt in protte wurk op foar de jachtbou.

Dêrneist wol de provinsje de útstjit fan gefaarlike gassen safolle mooglik beheine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)