Rjochtsaak oer wachtjilden

28 sep 2010 - 17:37

De Fryske sjoernalist Jelte Wiersma fan Elsevier stapt nei de rjochter om ynsjoch te krijen yn wachtjilden fan âld-steateleden en âld-deputearren fan de provinsje Fryslân fan 2007 ôf. Wiersma hie dêr in fersyk foar yntsjinne. Hy docht in berop op 'e Wet Openbaarheid Bestuur (WOB). Mar de provinsje wegere en Wiersma tsjinne in beswierskrift yn. Dat beswier is no ek ôfwiisd.

De measte provinsjes yn Nederlân jouwe wol gegevens oer de saak oan Elsevier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)