Aldehou: 10.000e besiker

28 sep 2010 - 16:05

De Aldehou yn Ljouwert hie tiisdei de 10.0000e besiker fan dit jier. It wie Peter Boonstra (16) út de wyk Suderbuorren. Ferline jier wiene der noch 5000 besikers. De grutte taname komt trochdat de toer langer iepen is. Fierders docht it Histoarysk Sintrum Ljouwert in soad oan promoasje.

De Aldehou is dizze wike foar it lêst iepen foar publyk. De toer wurdt ferboud. Takom jier maaie giet de skeane toer wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)