Fytsfabryk: koarter wurkje

De direksje fan fytsfabryk Pointer yn Boelensloane is weromkaam op it beslút op te hâlden mei de produksje fan fytsen. De direksje wol no dat de meiwurkers 38 yn plak fan 40 oeren yn 'e wike wurkje. Dat soe de meiwurkers 5 prosint lean skele. It fakbûn is it dêr net mei iens en hâldt meikoarten in gearkomste foar de meiwurkers.
Pointer soe te lijen hawwe fan konkurrinsje út legeleanlannen en it oanbod fan goedkeape boumerkfytsen.