Muzykles Littenseradiel faai

28 sep 2010 - 12:29

It Sintrum foar de Keunsten yn 'e gemeente Littenseradiel stiet faai. De gemeente driget de subsydzje yn te lûken. Hûnderten learlingen hawwe dan gjin muzykles mear en goed tsien muzykdosinten krije dien.

Op 21 oktober is der in protestkonsert ûnder de namme 'Litt ús hearre'. Litt mei dûbel t slacht op 'e namme fan 'e gemeente Littenseradiel. It konsert is yn 'e brede skoalle yn Wommels. Yn novimber falt it beslút oer de besunigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)