Wethâlder: gjin diskriminaasje

28 sep 2010 - 12:18

De gemeente Frjentsjeradiel diskriminearret net mei it ûndersyk nei permaninte bewenners op rekreaasjepark Barradiel. Dat seit wethâlder Twerda fan 'e gemeente. Eigner Postma fynt it diskriminaasje om't it om inkeld Poalen giet. Wethâlder Twerda ûntstriidt dat. No binne it Poalen, mar it hiene ek oare nasjonaliteiten wêze kinnen. It ûndersyk wie nedich om't der in soad klachten wiene oer de permaninte Poalen yn park Barradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)