Meiwurker hotel slein
In meiwurker fan in hotel oan de Stasjonswei yn Ljouwert is moandeitemiddei mishannele troch in 29-jierrige man út Vught. De man stapte it hotel yn en feroarsake allerhanne problemen. Doe't de meiwurker him frege fuort te gean, krige er klappen.
De plysje waard warskôge en pakte de agressive man op.