Lift wegere: klap tsjin holle

28 sep 2010 - 10:05

In 23-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei yn Drachten oanhâlden, nei't er in 16-jierrige jonge út dat plak mishannele hie. De Drachtster fytste op het Kiryat Onoplein by de Ljouwerter del, dy't him frege oft er achterop mocht. De Drachtster wegere en krige fuortendaliks in klap tsjin de holle.

It slachtoffer wie sa bot ûnder de yndruk dat er de agressive Ljouwerter dochs in lift joech. Dêrnei helle er de plysje derby.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)