Draachflak nije fúzjegemeente
By de fúzje fan de gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân sil it draachflak fan ûnderen op gjin probleem wêze. Dat ferwachtsje de gemeentebestjoeren nei oanlieding fan petearen mei alle fraksjefoarsitters en mei ynwenners.
De gemeenten presintearren moandei harren plannen foar in fúzje op 1 jannewaris 2013. De fúzjegemeente mei de wurknamme 'De Friese Meren' krijt goed 50.000 ynwenners.
Trefwurden:
argyf