Jong Hearrenfean te ritich

Jong Hearrenfean/Emmen kaam moandeitejûn net fierder as in 2-2 lykspul tsjin Jong Vitesse/AGOVV. Op sportpark Skoatterwâld begûn de thúsploech goed. Jeffrey Gouweleeuw makke yn de sânde minút de 1-0. Nei de 1-1 fan Frank van der Struijk, krige Jong Hearrenfean genôch kânsen, mar gjin doelpunten.
Yn in folle mindere twadde helte waard it 2-1 troch Bjorn Jonsson en 2-2 troch Ted Heijckmann. Mar eins wie it gegriem wat beide ploegen sjen lieten.