"Frj'diel diskriminearret"

Eigner Gerard Postma fan bungalowpark Barradiel fynt dat de gemeente Frjentsjerteradiel diskriminearret. Der is troch de gemeente ûndersyk dwaan litten nei yllegale bewenning fan syn terrein troch minsken mei de Poalske nasjonaliteit. Bewenners fan oare lannen binne net kontrolearre.
Neffens de gemeente soene guon Poalen te lang op it terrein sitte en dat mei net. Foar sawol de eigner as de ferhierders komt der dêrom mooglik in twangsom.