Fermiste man (85) terjochte
De 85-jierrige man dy't sûnt moandeitemiddei fermist waard, is wer terjochte. De plysje trof de man, dy't yn 'e war wie, oan op it stasjon yn Bûtenpost en hat him thús brocht.
De man soe moandeitemiddei troch in taksy út it MCL ophelle wurde, mar ferskynde net op it ôfprate plak. De plysje yn Ljouwert begûn in boargernetaksje. Sawat 1700 minsken hawwe oan de aksje meidien.