'Yngripe by test ôffaloven'

27 sep 2010 - 12:11

De Stichting Afvaloven Nee hat de provinsje frege om yn te gripen wannear't Omrin yn oktober begjint mei it testen fan de ôffaloven yn Harns.

Neffens de stichting mei Omrin net proefdraaie mei de oven omdat de miljeufergunning der noch net is. Neffens Omrin is der lykwols neat oan de hân. It giet neffens in wurdfierder om in saneamde kâlde test, wêrby't gjin ôffal ferbaarnd wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)