Marsumer jout eks-frou klap

In man (35) út Marsum is snein troch de plysje oppakt. Hy hie krekt foar syn oanhâlding syn soantsje by syn mem yn Tsjom brocht en krige dêr spul. Dêrby soe hy in frou in klap yn 't gesicht jûn ha. De man waard letter troch plysjes oanholden yn de Riemer Veemanstrjitte.
Dy hawwe de man meinaam nei it buro dêr't dúdlik waard dat hy fierstente folle dronken hie. De Marsummer moast syn rydbewiis ynleverje en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.