Matchsylsters 7de op WK

Bron: friedbits.com Fried Elliott
De Nederlanske sylploech, mei oan board Brechtje van der Werf fan Snits, is op it wrâldkampioenskip matchracen yn it Amerikaanske Newport as sânde einige. Yn de striid om it fyfde oant achtste plak waard snein de Australyske ploech fan Katie Spithill ferslein.
Earder yn it wykein gong de kwartfinale tsjin it sterke Ingelske team fan Lucy MacGregor ferlern. Dat team pakte snein ek de wrâldtitel.