Man Sint Anne yn rêch sketten
In man (22) út Sint Anne is sneontejûn op it parkearplak by sportsintrum De Fluit yn Leidschendam yn 'e rêch sketten. De plysje hâlde fuort dêrnei yn de omjouwing fan it swimbad in Rotterdammer (30) oan. De manlju hiene om noch ûnbekende reden spul krigen.
Dêrnei skeat de Rotterdammer op 'e man út Sint Anne. It slachtoffer waard oerbrocht nei in sikehûs en oan syn ferwûnings opereard. Syn tastân is neffens in plysjewurdfierder stabyl, mar de man kin noch net heard wurde.
Trefwurden:
argyf