Isolaasje-operaasje Snits

De gemeente Snits wol de kommende fiif jier in enoarme isolaasje-operaasje begjinne. Sa'n 1300 hûzen út de jierren '60 en '70 moatte dêrby enerzjysunich makke wurde. Der komt in grutte kampanje om de eigners en hierders oer te heljen om dêr oan mei te dwaan. De bewenners moatte de isolaasje sels betelje.
Om't yn oare gemeenten al bliken dien hat dat it dreech is om sokke ambysjes wier te meitsjen, wurde sa'n 4000 minsken benadere om mei te dwaan.