File A7 troch kettingbotsing
It ferkear op de A7 hat moandeitemoarn tusken De Tynje en Drachten lêst hân fan in lytse kettingbotsing. It ûngelok wie by Beetstersweach. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. Ien bestjoerder rekke licht ferwûne.
Der ûntstie in file fan sa'n 7 kilometer. Nei healwei achten wie de ravaazje oprêden en kaam it ferkear wer op gong.
Trefwurden:
argyf