Gjin WK foar Jannick de Jong

Jannick de Jong
Jannick de Jong hat him net pleatse kinnen foar de searje wedstriden om it wrâldkampioenskip op de langbaan foar 2011. Op de baan fan Forssa yn Finlân helle de Gordykster wol de heale finale, mar eins hiene de searjes al mear punten opsmite moatten as de tsien dy't no achter syn namme stiene.
Yn de einstân waard er tsiende, wylst in plak by de earste sân noadich wie. Theo Pijper is no de iennichste Fries dy't wis is fan it WK 2011.