Mid-Fryslân bliuwt koprinner

Seleksje Mid-Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein mei de hakken oer de sleat wûn fan AKC Almelo. Nei in sterk begjin, it stie samar 8-2 yn Reduzum, wie it by it skoft 9-5. Yn de twadde helte in better AKC. Tusken de giele kaarten en in reade foar MF-coach Peter Tolsma, kaam AKC sels op foarsprong. Nei 14-14 makke Alco Smorenburg de winnende treffer út in strafworp: 15-14.
LDODK wûn mei 20-12 fan Rohda, SCO ferlear mei 15-12 by VADA. Mid-Fryslân is lieder, LDODK twadde en SCO fiifde.