FVC pakt earste punt
Yn de haadklasse fan it sneinsfuotbal pakte FVC snein nei fjouwer wedstriden it earste punt yn de kompetysje. Tsjin Alcides út Meppel waard mei 1-1 lykspile. Yn de 16e minút kamen de Huzumers op in 1-0 efterstân troch in doelpunt fan Stefan Assenberg. Yn de twadde helte wie it Claudio Tavares dy't de lykmakker makke. It is ek it earste doelpunt foar FVC yn de haadklasse.
De oare haadklasser Snits Wyt Swart ferlear yn Huissen mei 4-0 fan RKHVV.
Trefwurden:
argyf