Eksposysje oer aparte wurden

De eksposysje 'Wurd fan wearde' dy't sneon yn Ljouwert begûn, smyt aparte bûtenlânske wurden op dy't taheakke wurde kinne oan 'e Fryske taal. Yn opdracht fan Tresoar en it Europeesk Buro foar Lytse Talen is it idee betocht troch buro BUOG fan Ljouwert.
Minsken yn Fryslân mei in oare nasjonaliteit binne frege in wurd te nominearjen. It binne wurden dy't net ien-op-ien oer te setten binne. Ien en oar wurdt kombinearre mei foto's fan 'e yntsjinners.